Roelof Bos wurdt ferkenner gemeente De Fryske Marren

Ald-wethâlder fan Dantumadiel Roelof Bos wurdt de ferkenner yn de gemeente De Fryske Marren, no't it kolleezje definityf útelkoar fallen is.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Bos sil ûndersyk dwaan nei in stabyl, nij gemeentebestjoer. Dêrfoar sil hy petearen fiere mei alle fraksjefoarsitters en belutsenen.
Bos wie earder CDA-riedslid, wethâlder en lokoboargemaster fan de gemeente Dantumadiel.