Kolleezje De Fryske Marren falt útelkoar

It kolleezje fan CDA, VVD en FNP yn de gemeente De Fryske Marren is fallen. In moasje fan wantrouwen fan it CDA en de VVD tsjin de beide FNP-wethâlders Durk Durksz en Durk Stoker is oannommen. D66, PvdA en GroenLinks stipen de moasje. Beide wethâlders moatte it fjild romje, omdat de fraksjes fan it CDA en VVD in fertrouwensbreuk ha mei de fraksje fan de FNP.
© Omrop Fryslân, Andries Bakker
De reden dêrfoar is dat de FNP op it lêste momint tsjin sânwinning yn de Iselmar stimd hat, wylst der neffens it CDA en VVD in ôfspraak foar wie. De FNP-fraksje beropt him op feroare omstannichheden en de goed 15.000 hantekeningen en oare tsjinlûden út de befolking. De wethâlders Durksz en Stoker funksjonearren goed yn it kolleezje, mar moatte no dus dochs fuort.
De grutste partij, it CDA, stelt tongersdei in ferkenner oan dy't ûndersykje sil hokker partijen it plak fan de FNP yn it kolleezje ynnimme kinne. CDA en VVD wolle it leafst in rommere mearderheid. Dat soene twa fan de trije partijen PvdA, D66 en GroenLinks wêze kinne.
© Omrop Fryslân, Andries Bakker
By de riedsgearkomste wiene 29 fan de 31 riedsleden oanwêzich. Jan van Zanden fan it CDA en Olaf Storms fan it VVD werhellen harren stânpunt en seinen dat de FNP harren wethâlders weromlûke moasten. Dit wegere de FNP om't sy fine dat se neat ferkeard dien ha, it kolleezje funksjonearre goed. It CDA en it VVD tsjinnen dêrop beide in moasje fan wantrouwen yn.
Ek wiene der in protte belangstellenden oanwêzich by de riedsgearkomste.