FIDEO: IepenUP mei allinnich mar moai nijs

Wêrom is der safolle oandacht foar min nijs? Rampen, dingen dy't mis geane, ûngelokken, oarloch en geweld?
Der barre dochs ek goede dingen? Wêrom sjogge en lêze we dêr neat oer? Met dat idee skreaunen Karin Sitalsing en Franka Hummels it boek: En Dan Nu Het Goede Nieuws. De auteurs binne by IepenUP Live en prate mei trije persoanen út har boek oer it geweldich goede nijs en de moaie dingen dy't se dogge.
Dêrneist is Jan Slagter fan Omroep Max te gast, hy giet yn diskusje mei Rennie Rijpma dy't yn de haadredaksje sit fan it Algemeen Dagblad. Beide kieze wêr't har redakteuren oer skriuwe of wêr't se hinne geane. Hoe komme se ta dy kar en wat seit dat oer har wrâldbyld?

En mei Wout Gerstel fan earder GPTV sil praat wurde oer hoe't it wie om in tv-stjoerder te runnen dy't foaral 'goed nijs' brocht en hoe't er oansjocht tsjin de sjoernalistyk.
© IepenUp
Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.
Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.