Fertochte fan mishanneling famke (18) wegeret hulp

Justysje en reklassearring kinne gjin kant op mei de 22-jierrige Dokkumer dy't woansdei foar de rjochter komme moast foar swiere mishanneling. De Dokkumer kin neffens de jongereinreklassearring net selsstannich funksjonearje en hat in protte help nedich, mar dêr wol de fertochte neat fan witte.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De fertochte soe in 18-jierrig famke yn 'e nacht fan 1 july 2018 ferskate kearen tsjin de holle trape ha. De Dokkumer wurdt fertocht fan poging ta deaslach. Op advys fan de jongereinreklassearring hat de offisier de straf tapast op it jongereinstrafrjocht, om't de fertochte ferstanlik beheind is. Hy hat in leech IQ, PDD-NOS en in foarm fan autisme. Dêrtroch hat de Dokkumer help en begelieding nedich, mar de man wegeret help.
Neidat de man oppakt is, hat er in skoftke yn foararrest sitten. Hy waard ûnder betingst frijlitten. Ien fan de betingsten wie dat hy net drinke soe, mar dêr hat er him net oan hâlden. Ek ûntkent de fertochte de mishanneling, wylst der trije ferklearringen tsjin him lizze, ien fan it slachtoffer en twa tsjûgen.
De offisier fan justysje easke njoggen moannen jongereindetinsje. De Ljouwerter rjochtbank docht op 6 maart útspraak.