De Fryske Papoea: It libben fan in sindeling

20 feb 2019 - 17:56

Mear as 30 jier fan syn libben sette Freerk Kamma (1906-1987) him yn foar de Papoeamienskip yn Nij-Guinea. Dokumintêremakker Annet Huisman fan Omrop Fryslân dûkt yn it libben fan de sindeling. Hoe hat it sindeling wêzen syn libben beynfloede? En hoe wie it foar syn bern? Yn Fryslân Hjoed sjogge wy op dizze dokumintêre foarút, mar prate wy ek mei 'moderne sindeling' Bart Jan van Assen dy't takom simmer nei Malawy giet om in skoalgebou del te setten.

Petear FH De Fryske Papoea

De heechste tree

Fan fiskerssoan nei sindeling en ferneamd antropolooch. Wierumer Freerk Christiaan Kamma wist neffens Bernard Keizer dat er mear woe en koe as it lytse doarp him biede koe. Keizer is de doarpsdûmny fan Wierum en hat in boek skreaun oer de sindeling. "Hy wurke him op oant er nei de sindingskoalle yn Oestgeest koe. Foar doarpsjonges as him wie it de alderheechste tree om nei dy skoalle te gean." In pear jier letter sette er op 14 oktober 1931 foar de earste kear ôf fan Amsterdam nei Nij-Guinea.

Trailer Fryske Papua

De wite Papoea

Kamma sette him yn foar de lokale befolking. Hy dûnse, song en wie ien fan harren. "Wat mijn vader misschien wel zo geliefd bij hen maakte, is dat hij nooit 'gepreekt' heeft of opdrachten gaf", seit soan Harry Kamma yn de dokumintêre. "Hij voelde zich niet verheven boven de Papoea's, maar eerder één van hen. Hij vroeg: wat vinden jullie er van? Hoe gaan jullie om met je voorouders. Wat zouden jullie doen?" Kamma waard letter ynwijd by de leden fan de Moi-stam en dat levere him de titel: 'wite Papoea' op.

Syn bern tekoart dien

Hast it hiele libben fan Freerk stie yn it ramt fan de Papoea, wêrtroch't er eins syn eigen bern Corrie en Harry tekoart dien hat, fertelt Keizer. "It hat syn hiele libben koste. Dêr hat er yn de lêste jierren fan syn libben ek wol spyt fan hân. En ek syn bern hawwe dêr lêst fan hân."

Fragmint bern Freerk Kamma

De hjoeddeistige Freerk Kamma

It is goed hûndert jier lyn dat Kamma opgroeide yn Wierum en hoe't de situaasje no is, is in wrâld fan ferskil neffens Keizer. "De tsjerke wurdt no noch mar ien kear yn de twa sike brûkt en de jongerein is dan op ien of miskien twa hannen te tellen."

De kâns dat der ien fan de jongerein beslút om op sinding te gean is neffens Keizer dêrom ek nul. "Mar minsken, en ek jongerein, ha noch hieltyd wol ferlet fan in hâldfêst en in boaiem yn it libben. Mar dy boaiem lit him op ferskate wizen foarmje." Ien fan dy wizen is op dit stuit populêr ûnder de Fryske kristlike jongerein: World Servants.

Ik leaude earst net

"Foardat ik meigong nei Zambia en Ghana leaude ik eins net", fertelt Bart Jan van Assen. Hy is no trije jier aktyf foar de ynternasjonale frijwilligersorganisaasje World Servants dy't op allegear ferskate wizen stipe jout yn kristlike ûntwikkelingslannen.

Bart Jan sil takom simmer bygelyks mei in aksjegroep út Damwâld nei Malawy om dêr in skoalgebou te meitsjen. "Hjirfoar gong ik wolris nei de tsjerke, mar net in hiel soad. Mar troch de reizen fan World Servants is dit echt oars wurden. It bouwen foar in oar, sjen hoe't sy mei harren leauwe omgeane. It wie hiel yndrukwekkend. Doe't ik dêr wie, ha ik it leauwe pas echt ûnderfûn en geweldige petearen hân. Sûnt doe sette ik my in soad yn foar it leauwe hjir yn Fryslân."

Foto: Bart Jan van Assen

Hast in heal miljoen euro ophelje

Bart Jan is ien fan de 170 Fryske jongeren dy't harren ynsette foar World Servants. Tegearre ha dy jongerein mei 25 aksjegroepen op dit stuit mear as in kwart miljoen euro ophelle foar de ûntwikkelingslannen dêr't se hinne geane takom simmer. Mar it doel leit noch folle heger.

Yn totaal wolle de Fryske World Servantsgroepen dit jier hast 490.000 euro ophelje. Mar foar Bart Jan is dat seker net it iennige doel fan de reis. "Foar my is it wichtich om it leauwen mei te jaan oan de jongerein dy't meigeane. Krekt as hoe ik dat meimakke ha."

FryslânDOK

Op tongersdei 21 febrewaris om 20.00 is de premjêre fan de dokumintêre yn de Mariatsjerke fan Wierum. De FryslânDOK is op 24 febrewaris te sjen op Omrop Fryslân. NPO stjoert op 23 en 24 febrewaris de dokumintêre út.

(Advertinsje)
(Advertinsje)