Minder lytse skoallen ticht

De sluting fan fjouwer basisskoallen yn Súdwest-Fryslân en Gaasterlân-Sleat is foarearst fan de baan. De skoallen fan Sondel, Nijemardum, Molkwar en Wikel hoege net ticht. De fúzje tusken de skoalle fan It Heidenskip mei dy fan Warkum giet wol troch, lykas de fúzje fan 'e basisskoalle yn Aldegea mei dy fan Ealahuzen. Dit bart in jier letter as pland.
Kristlike ûnderwiisynstelling Nije Gaast hat de ôfrûne dagen petearen hân mei âlders en skoallerieden. Hjirút die bliken dat der in soad wjêrstân is tsjin de plannen om skoallen te sluten.
De eardere plannen wurde no op 'e nij besjoen. De fúzjes binne nedich om finansjeel sûn te bliuwen. Ek hawwe guon skoallen yn de takomst te min bern.