SGP-Fryslân begjint fol betrouwen oan kampanje foar steateferkiezings

20 feb 2019 - 17:28

De Staatkundig Gereformeerde Partij is woansdei yn Ferwert optimistysk úteinset mei har ferkiezingskampanje foar Provinsjale Steaten. It is foar it earst sûnt 1966 dat de partij selsstannich meidocht oan de steateferkiezings, mar de 'mannenbroeders' jouwe harsels in ridlike kâns op in sit.

"Sjoch, as der no krekt wat mear minsken op ús stimme as mei de Twadde Keamerferkiezings, dan moat it kinne", seit listlûker Haaije de Jong út Eastersee.

"Wy geane foar in sit, dat is dúdlik", seit kampanjelieder Heerke Kooistra. Hy hat útrekkene dat de partij mar 2.000 stimmen ekstra nedich hat foar in sit yn de Steaten.

Tûk kampanjefiere yn gemeentes dêr't de partij in soad stimmen lûkt - lykas Dantumadiel en Súdwest-Fryslân - mar ek op sosjale media moat stimmers en potinsjele stimmers dúdlik meitsje dat de SGP meidocht oan de steateferkiezings.

SGP-listlûker Haaije de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Ek ynhâldlik sjocht Haaije de Jong genôch redenen foar in SGP-lûd yn Provinsjale Steaten. De Jong steurt him bygelyks oan it stânpunt fan FNP-deputearre Johannes Kramer dat boeren it bêst biologyske boer wurde kinne. "Sa'n beweging moat fan ûnderen op ta stân komme. In provinsje moat dat net oplizze."

De start fan de kampanje yn Ferwert waard ek bywenne troch SGP-senator Peter Schalk. De partij docht dit jier yn mear provinsjes mei as foarhinne en hopet fansels dat dat ek mear sitten yn de Earste Keamer opsmyt.

Jong

Wat by de SGP opfalt is, dat der achter de 63-jierrige listlûker ek frijwat jongeren op de list steane. Ek it kampanjeteam is jong. "De SGP is de âldste partij fan it lân mei in sterke tradysje. Dat sprekt seker tsjerklike jongeren oan", seit Heerke Kooistra.

Hy fynt it ek wichtich dat de partij minsken dy't foar de gemeente en de Twadde Keamer altyd SGP stimme no net yn de steek lit. "Wy binne konsekwint en konstruktyf. De minsken wite dat te wurdearjen", seit listlûker De Jong.

Frou

Op de kieslist mei 22 nammen stiet gjin inkelde frou. Der hat ek gjin strideraasje om west. "Froulike kandidaten hawwe har net by ús oantsjinne", seit De Jong dêroer.

Listlûker Haaije de Jong en kampanjelieder Heerke Kooistra

(advertinsje)
(advertinsje)