Fraksjes kritysk oer útwreiding bargehâlderij Himmelum

20 feb 2019 - 17:25

Seis fraksjes yn Provinsjale Steaten roppe Deputearre Steaten op ta strangere kontrôles op de grutte bargehâlderij by Himmelum. It giet om GrienLinks, SP, D66, Sietze Schukking, de PvdA en de Partij van de Dieren. Se stelle skriftlike fragen oan deputearre Kielstra, oer de útwreidingsplannen fan de bargehâlderij.

Foto: Omrop Fryslân

Kielstra hat earder oanjûn dat der fan de kant fan de provinsje gjin beswieren binne. De seis partijen yn Provinsjale Steaten meitsje har lykwols soargen, op grûn fan de ynformaasje dy't hja krigen hawwe fan omwenners. Dy sizze dat de bou-oerflakte fan de bargestâl fiersten te grut is. Sa soe ûnder oare de ferhurding om de stâl hinne net meinaam wêze yn it bestimmingsplan, wylst de bargehâlder dy wol oanlizze wol. Ek ha de omwenners soargen oer de romte dy't ynromme is foar de ferwurking fan dong; ek doe soe net goed toetst wêze.

De fraksjes yn Provinsjale Steaten fine dat de omwenners rjocht hawwe op beskerming troch de oerheid. Sy fine de kontrôles fan de provinsje oant no ta net strang genôch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)