Frijwilligers op It Amelân dizze wike drok mei skjinmeitsjen strannen

20 feb 2019 - 17:12

In grutte groep frijwilligers is yn dizze fakânsjewike op It Amelân drok dwaande mei skjinmakaksjes. Sy komme alle dagen noch hieltyd de gefolgen fan de kontenerramp fan begjin jannewaris tsjin, op de strannen en ek yn 'e kwelders fan It Amelân. Se sette har yn om benammen plestik en tekstyl fan it strân te heljen.

Foto: Anton Kappers

Pieter-Jan Borsch

"Vandaag hebben we 320 kilo opgehaald, een beste aanhangwagen vol", seit Pieter-Jan Borsch fan It Amelân, foarsitter fan de Amelanner Juttersferiening. "We zijn op verschillende plekken geweest, in de kwelder van Staatsbosbeheer, het badstrand bij Hollum en bij Paal 5, eigenlijk de hele westkant."

Se sykje mei in groep fan fyftich frijwilligers, se dogge dat yn it ramt fan in spesjale miljeuwike. "Dat wordt al voor de 22ste keer gedaan, dan komen ze naar Ameland om schoon te maken. Vaak zijn het dezelfde mensen, sommigen komen al tien jaar achter elkaar."

Der leit altyd ôffal op de strannen. "Vorig jaar hebben we 1900 kilo in vijf dagen opgehaald. Nu met de containerramp wordt er snel opgeruimd. Binnen de kortste keren is het weg, maar het is nooit schoon want bij elke vloed komt er weer extra spul aan."

De krante troch it t-shirt lêze

Moandei hienen se 560 kilo ophelle en tiisdei 400 kilo. "Dat was meer in duinen, daar ligt lichter spul, zoals plastic. Het is allemaal kunststof wat aanspoelt. Veel kleding, wel duizenden leggings zijn aangespoeld. Ik heb wat meegenomen naar de Stay Okay. Sommige dames hebben de leggings ook aan. Maar eigenlijk is het afval, het heeft te lang in zee gelegen, de t-shirts kun je de krant door lezen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)