Wenkompleks by Wyns mei boud wurde, seit de Ried fan Steat

20 feb 2019 - 17:05

Yn Wyns kin ynkoarten begûn wurde mei de bou fan in wenkompleks oan de Dokkumer Ie. De Ried fan Steat makke dêrfoar woansdei it paad frij. Alle beswieren fan in njonkenlizzende feehâlder oan de Tergracht waarden ferwurpen.

Boufakker - Foto: Shutterstock.com

Dy seach de wengroep, fan fjouwer famyljes, net sitten, om't it de útwreiding fan syn melkfeehâlderij yn it paad sitte kinne soe. Dat falt neffens de Ried fan Steat wol wat ta.

Neffens de Ried hat de melkfeehâlder mear as genôch lân en soe mar op in lyts part fan dy grûn gjin útwreiding komme kinne as gefolch fan de bou fan it kompleks.

(advertinsje)
(advertinsje)