IIsmaster oer iisgroeiplan fan professor: "Moai betocht, mar ik leau it net"

20 feb 2019 - 16:43

In professor út Delft tinkt dat we der mei waarmtepompen foar soargje kinne dat de Alvestêdetocht - op redens - wer trochgean kin. De pompen soene de waarmte út it wetter brûke om hûzen te ferwaarmjen, en dêrtroch soe it wetter kâlder wurde. Neffens professor Andy van den Dobbelsteen soe dat fjouwer graden skele kinne. Wat fynt iismaster Sytse Prins fan de feriening De Friesche Elf Steden fan dat idee?

IIsmaster

"Ik kin it my net foarstelle, ik ha it stik lêzen en tocht it is noch gjin 1 april," seit iismaster Sytse Prins yn reaksje op it plan fan de professor. "Hy hat der wol goed oer neitocht. Yn teory soe it klopje kinne ûnder ideale omstannichheden. Mar ik lês ek dat hy it hat oer in breedte fan fjouwer meter. By ús is in gemiddeld kanaal al gau acht, njoggen meter. Krije we dan fjouwer meter mei iis en fiif meter sûnder? Hoe moat it dan op de Fluezen?"

Prins hâldt it op in teoretysk stik, mar by in werklike winter soe de iisgroei wol rapper gean kinne. "Op termyn kinne we der miskien wat mei. It is moai betocht, mar ik leau it net."

Sytse Prins

(Advertinsje)
(Advertinsje)