FIDEO: De Natuerdetektive op jacht nei de plûmsigge

20 feb 2019 - 16:39

Ien kear yn de moanne siket Natuerdetektive Remco de Vries wat op yn de natuer. Hy krijt de opdracht om wat bysûnders yn de natuer te sykjen en hat in dei om dat foar elkoar te krijen. Hiele lytse aaikes fan seewjirmen en ynsekten, de latrine fan in das of in hiel lyts mûske; hy hat achter fan alles oan sitten. Mar noch net in plant... Dus iepenet ferslachjouwer Remco dizze kear de jacht op de plûmsigge, in fêste plant yn de famylje fan 'cypergrassen'.

(advertinsje)
(advertinsje)