FIDEO: IIsfontein yn Dokkum wurdt folop test

It is hast safier, oer twa dagen wurdt de iisfontein yn Dokkum lang om let iepene. De fontein waard woansdei test. Stikem wiene keunstner Birthe Leemeijer en technisy drok dwaande om de fontein yn te regeljen.
IIsfontein yn Dokkum wurdt folop test
It is de bedoeling dat in laachje iis it koperen wurk bedekt. Dit bart enerzjyneutraal. De fontein hellet kondins út de loft wei dêr't it iis fan makke wurdt. De enerzjy dy't nedich is om dit allegearre foar elkoar te krijen wurdt opwekt mei sinnepanielen op it stedhûs. It liket derop dat it testen goed ferrint, want der wie al in iislaachje sichtber. No freed dan wurdt de iisfontein iepene en kin eltsenien -as alles goed giet- him hielendal besjen ûnder it iis.