Rens Kroes docht mei oan sjongprogramma It Takes 2

20 feb 2019 - 15:29

Rens Kroes sil meidwaan oan it sjongprogramma It Takes 2 op SBS. Dat is in programma foar Bekende Nederlanners dy't nûmers sjonge, wylst sjonge net har fak is. En dan sjonge se tegearre mei in bekende en profesjonele sjonger of sjongeres. Earder mocht Elske DeWall presintator Ruben Nicolai begeliede.

Foto: ANP

De Fryske blogster en skriuwster oer sûn libje docht mei oan it fjirde seizoen fan it programma. Sjongcoaches dit jier binne Waylon, Trijntje Oosterhuis en Marcel Veenendaal.

De oare dielnimmers binne Bobbi Eden, Jan Joost van Gangelen, Harry Piekema, Imannuelle Grives, Lisa Michels, Loes Haverkort, Stefan Jurriens en Pim Muda.

Trefwurden: 
Rens Kroes sjonge It Takes 2
(advertinsje)
(advertinsje)