HEA! It museum fan Willem Eppinga yn Sondel
HEA! It museum fan Eppinga
Ald-boer Willem Eppinga hat al it âlde guod fan syn âlden en syn pake en beppe bewarre. In âld keukentsje, de itensboarden fan beppe, redens fan trije generaasjes, âlde heaweinen en ek foto's, want syn mem mocht graach fotografearje. It guod stiet útstald yn 'e skuorre en Eppinga jout mar wat graach in rûnlieding.

HEA !
Hea! is in programma oer gewoane minsken mei in bysûnder of somtiden “hea-larysk” ferhaal. Hea! is te sjen op telefyzje fan moandei o/m freed om 17.20 oere.