Nasjonale boekewikegeskink ferskynt ek dit jier yn it Frysk

It Nederlânske boekewikegeskink dat Jan Siebelink dit jier skreaun hat, is foar it twadde jier op rige yn it Frysk oerset. De fertaling is makke troch Jetske Bilker. De Fryske edysje ferskynt yn in oplage fan 6.500 eksimplaren.
© ANP
Ferline jier is foar it earst it Nederlânske geskink, doe fan Griet Op de Beeck, ek yn it Frysk ferskynd. Ek dy fertaling wie fan Jetske Bilker. Dat barde doe yn it ramt fan LF2018 en soe foar ien kear wêze. Fanwege it sukses komt no wer in Fryske fertaling. De lanlike boekewike is fan 23 oant en mei 31 maart.

Moanne fan it Fryske boek

It Fryske boek stiet in moanne lang sintraal yn de 'Moanne fan it Fryske boek' dy't fan 2 oant en mei 31 maart hâlden wurdt. It boekewikegeskink is dit jier skreaun troch Willem Schoorstra. It earste eksimplaar fan it Kadoboek Rosmos wurdt op it Fryske Boekebal oanbean op 2 maart yn Neushoorn yn Ljouwert.
Willem Schoorstra © Omrop Fryslân

Rosmos

It kadoboek Rosmos is in spannende en humoristyske roman dy't him ôfspilet yn de 'ûnderklasse' fan de maatskippij. Schoorstra nimt de lêzer fol faasje mei yn in ferhaal dat giet oer frouljushannel, moard, loyalens en komôf.
Yn de hiele moanne is it boek der fergees op ta by oankeap fan 12,50 oan boeken.