IepenUP live en Omrop Fryslân sykje Frysk wurd foar de fagina

20 feb 2019 - 14:00

IepenUP live en Omrop Fryslân wurkje gear om in goed, Frysk wurd foar de fagina te finen. Nei't Nederlân okkerdeis foar it wurd 'poenie' keas, is ek yn Fryslân in syktocht start nei in Frysk wurd foar it froulike geslachtsorgaan. Troch middel fan in priisfraach wurde sawol manlju as froulju oproppen har bêste wurd yn te stjoeren.

Foto: Omrop Fryslân

De faginanamme-wedstriid wurdt woansdeitemiddei 20 febrewaris ôftrape yn it radioprogramma De middei fan Fryslân fan Omrop Fryslân. Fiif dagen lang kinne minsken har eigen Fryske alternatyf foar 'poenie' ynstjoere fia de Facebookside fan Omrop Fryslân. It kin ek anonym, fia in appberjochtsje yn de app fan de Omrop.

Fan alle ynstjoeringen wurde fiif selektearre. Dy fiif wurde tiisdei 26 febrewaris bekend makke yn it radioprogramma De middei fan Fryslân. Dan ha minsken ien dei om te stimmen.

It bêste Fryske wurd wurdt bekend makke op de grutte 'Vaginavond' fan IepenUP live op woansdei 27 febrewaris yn de Neushoorn yn Ljouwert. De tagong is fergees.

IepenUP Vaginavond

Skamte fuortnimme

Marianne Klijnstra en Amarins Geveke fan IepenUp wienen woansdeitemiddei by Diana te gast yn De middei fan Fryslân. "Der hinget noch hieltyd in bepaalde skamte om it ûnderwerp hinne en dy wolle wy hjirmei besykje fuort te nimmen", sa ljochtet Marianne de syktocht ta.

Amarins follet har oan: "Nei de ferkiezing by Radio2 en in kollum mei de titel 'We moeten de vagina vieren', tocht ik by mysels dat it eins bêst gek is dat we net gewoan besprekke wat it allegear is. As wy famkes en jonge froulju yn dizze wrâld sterk meitsje wolle, moatte wy it yn alle gefallen besprekber meitsje kinne. Mar wêr hast it oer sûnder fatsoenlike namme?"

De útstjoering fan IepenUP Live De Grote Vaginavond is op woansdei 27 febrewaris te sjen op de Facebookside, website en app fan Omrop Fryslân. De útstjoering set útein om 20:00 uur. Minsken kinne oant tiisdei 25 febrewaris wurden ynstjoere, dêrenei wurdt der in finalelist bekend makke. Hjirop kin it publyk stimme op tiisdei 26 en woansdei 27 febrewaris.

(Advertinsje)
(Advertinsje)