Tsjerketoer op De Jouwer stiet yn de steigers foar renovaasje

20 feb 2019 - 13:54

De tsjerketoer fan Westermar op 'e Jouwer wurdt de kommende moannen restaurearre. Dat soe eins al yn 2016, mar doe wie it jild der net. Mei tank oan de provinsje, stichting Westermar en de gemeente De Fryske Marren kin de sa'n 4,5 ton kostjende restauraasje no dochs trochgean.

De toer en gevel binne der net bêst oan ta. Der sit in skuor yn, de houten flierren binne net feilich en it dak lekt. Under it wurk wurde de grêven dy't om de toer hinne lizze ôfdutsen om se te beskermjen tsjin pún dat fan de toer falt.

De fersakking fan de toer wurdt net oanpakt. Dy stiet skean, mar dat kin foarearst gjin kwea seit it bestjoer fan de Stichting tot Behoud van Rijksmonumenten, de eigener fan de toer. Dy wurdt wol yn de gaten hâlden, dat er net fierder fuortsakket. De toer komt nei alle gedachten út de 14e iuw.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De wynwizer is yn it earste wykein fan de renovaasje stellen. De steigers wiene freedtemiddei delset, mar noch net befeilige tsjin ynklimmers. It hiele tsjerkhôf is ôfsocht, mar der is neat fûn. Der is oanjefte dien by de plysje. Nei in oprop yn de pleatslike krante is de monumintale wynwizer anonym werombrocht en op de steiger lein.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
(advertinsje)
(advertinsje)