Gomarus: VMBO en MBO yn 6 jier

Gomarus College Drachten © Google Streetview
Learlingen oan it Gomarus College yn Drachten kinne fan takom jier ôf yn seis jier tiid harren VMBO- en MBO-diploma helje yn ien yntegraal ûnderwiisprogramma. Yn it saneamde Fakkolleezje krije de learlingen al yn de earste twa jier in soad lessen dy't rjochte binne op de praktyk. Sa sille lessen jûn wurde troch minsken út it bedriuwslibben en kinne de bern nei bedriuwen ta.
Nei fjouwer jier dogge de learlingen eksamen foar in 'gewoan' VMBO-diploma en twa jier letter kinne se harren MBO-diploma al helje.