Weststellingwerf krijt twa glêsfezelnetten

20 feb 2019 - 11:27

It liket der op dat yn it bûtengebiet fan Weststellingwerf twa glêsfezelnetten komme te lizzen. Ien fan Glasvezel Buitenaf en ien fan Kabelnoord. Glasvezel Buitenaf hat earder tasein dat der sawiesa glêsfezel komt, los fan it oantal oanmeldingen. Kabelnoord komt dêr no by en seit dat hast 60 persint fan de 2.300 bewenners en bedriuwen yn Weststellingwerf meidocht. Glasvezel Buitenaf seit dêroer fernuvere te wêzen. By Buitenaf soene al safolle oanmeldingen wêze, dat konkurrint Kabelnoord nea mear op 60 persint komme kin.

It oanlizzen fan glêsfezel - Foto: ANP

Kabelnoord en Glasvezel Noord steane rjocht tsjinoer elkoar. Beide sizze dat se in grut oantal klanten binnenhelle hawwe. Beide binne se net fan doel om op te jaan. It is foar it earst yn in Fryske gemeente dat twa bedriuwen tagelyk glêsfezel oanlizze wolle yn it bûtengebiet. Kabelnoord wit him stipe troch de provinsje Fryslân, dy't in efterstelde liening beskikber stelt. Kabelnoord hat it dêrtroch by de bank makliker om jild foar de glêsfezeloanlis te krijen.

"Het kost veel geld. De financiers waaronder de provincie stellen hun eisen. Die willen zekerheid dat hun geld terugkomt en daarom moet eigenlijk zestig procent meedoen." Hoefolle klanten har no echt oanmeld hawwe wol Geelhoed net sizze, mar yn in radiopetear by Omrop Fryslân sprekt hy fan "dichtbij de zestig procent".

Projektlieder Hayley Osinga fan Glasvezel Buitenaf seit dêroer folslein fernuvere te wêzen. Sy seit dat har bedriuw safolle oanmeldingen hat, dat Kabelnoord nea yn de buert fan de 60 persint komme kin. Sy seit dat Glasvezel Buitenaf net fan doel is om him werom te lûken. "Wij hebben beloofd sowieso glasvezel aan te leggen, ongeacht het aantal klanten. Daar wijken wij nu niet meer vanaf." Neffens har binne klanten by Glasvezel Buitenaf in pear euro yn de moanne goedkeaper út. Ek seit sy dat klanten by har mear kar hawwe, as it giet om it oantal providers fan ynternet oer de glêsfezelkabel.

Kabelnoord moat de kommende tiid ek yn oare Fryske gemeente rekken hâlde mei konkurrinsje fan Glasvezel Buitenaf, sa jout Osinga oan. Boppedat wol har bedriuw ek glêsfezel yn de doarpen en stêden sels oanbiede.

Dêrmei docht him de opfallende ûntjouwing foar dat yn it earder hieltyd as ûnrendabel bestimpele bûtengebiet, twa glêsfezelnetten komme te lizzen; fan Kabelnoord én fan Glasvezel Buitenaf. "Je moet je afvragen of dat wenselijk is," seit Osinga. "Kabelnoord werkt met gemeenschapsgeld en het is de vraag of dat geld terugkomt op het moment dat er twee aanbieders zijn".

Foto: Lourens Looijenga
(Advertinsje)
(Advertinsje)