Frysk dichter Jelle Kaspersma is ferstoarn

20 feb 2019 - 11:24

De Fryske dichter Jelle Kaspersma is 17 febrewaris ferstoarn. Hy is santich jier wurden. Syn earste bondel kaam út yn 1974 en syn lêste bondel ferskynde yn 2007.

Foto: sirkwy.nl

Jelle Kaspersma, berne yn Snits, brocht in grut part fan syn jeugd troch yn Starum. Op 'e Snitser kweekskoalle folge er de ûnderwizersoplieding. Dêrnei wurke er as basisskoallelearaar bûten Fryslân, fan 1973 ôf stie er yn Genemuiden oan skoalle.

Yn syn tiid oan de kweekskoalle begûn Jelle Kaspersma mei dichtsjen, earst yn it Hollânsk, mar al gau ek yn it Frysk. Hy makke diel út fan in ploechje jonge dichters en tekeners, lykas Bartle Laverman, Binne Lútsen Boarnstra en Tsjêbbe Hettinga.

Fersen fan him ferskynden begjin jierren santich yn de literêre Fryske tydskriften. Wichtige tema's yn it wurk fan Kaspersma binne it lânskip. Fierder komme de (ûn)macht fan de dichter, de dea en it ferliezen fan in dierbere oan de dea, faak werom yn syn fersen.

Jelle Kaspersma hie in wat dûbelde ferhâlding mei it Frysk en de Friezen, yn 2004 hie er syn nocht fan it Fryske keunstwrâldsje, de lije ûntfangst fan syn wurk en it te min oan respons dat er op syn Fryske wurk krige. Hy besleat om allinnich noch yn it Nederlânsk te publisearjen, net mear yn it Frysk. Mar hy kaam werom op syn beslút en publisearre yn 2006 wer in Fryske bondel.

Kaspersma wie bot ynteressearre yn it bestean fan yndianen en hat ferskate kearen yn de Feriene Steaten west om dêr yndianestammen op te sykjen.

Hy wûn twa kear in Rely Jorritsmapriis, yn 1973 en 1995.

(Advertinsje)
(Advertinsje)