Professor: "Waarmtepomp makket Alvestêdetocht mooglik"

De Alvestêdetocht op redens kin takom jier gewoan trochgean, ek al leit de temperatuer boppe nul. It iennige dat nedich is om it mooglik te meitsjen is dat alle wenten lâns de rûte in waarmtepomp krije. Professor Andy van den Dobbelsteen fan de TU Delft komt mei it plan. Neffens him kinne de waarmtepompen helpe by it meitsjen fan in iisflier.
© ANP

Loftfytserij?

Op it earste gesicht liket it plan fan Van den Dobbelsteen loftfytserij, mar hy is der fan oertsjûge dat it kin: "Het is mogelijk om een vaart van vier meter zo af te koelen dat er een ijsvloer ontstaat van zestien centimeter." De pompen ûntlûke waarmte út it oerflaktewetter. Dat kuollet dan ôf ta ûnder nul en sa ûntstiet iis.
It betsjut dat der 10.000 waarmtepompen pleatst wurde moatte yn gebouwen lâns de rûte. Om dy fan stroom te foarsjen, moatte der ek wynmûnen boud wurde. "Je hebt 26 windmolens nodig van vier megawatt per stuk. Dat lijkt misschien veel, maar als we allemaal van het gas moeten heb je de elektriciteit toch nodig. Dus kun je ze maar beter nu plaatsen, want dan heb je er op een positieve manier profijt van."

Oer de marren?

Hy hat ek neitocht oer hoe't it mei stikken fan de rûte moat dêr't gjin wenningen steane of bygelyks op de marren. "In buitengebieden is het lastiger, maar daar bevriest het vaak ook sneller. Je zou bijvoorbeeld bij een meer dichter langs de zijkant gaan schaatsen, aan de oevers kun je warmtepompinstallaties kwijt."
De professor tinkt al jierren nei oer in oplossing om de kâns op in tocht te fergrutsjen. "Maar het systeem kan ook in Amsterdam worden toegepast, in de woonboten in de grachten."

Duorsumheid

Van den Dobbelsteen rint mei it plan foarút op de diskusje oer de saneamde enerzjytransysje, de omskeakeling fan gas nei elektrysk. De provinsje moat dan ek flink oan de bak, wit de professor: "Die moeten kiezen voor het volledig inzetten op duurzaamheid. Dan moet het mogelijk zijn."

Wat moat it kostje?

Foar de kosten dy't de Friezen meitsje moatte hat Van den Dobbelsteen ek in plan. Hy wol jild ynsammelje. Der is berekkene dat it ôfkuoljen fan de rûte in Fries sa'n 50 eurosint kostet: "Met die geldinzameling kunnen we de mensen compenseren."
Takom jier is wat ambisjeus, mar oer in pear jier soe it neffens him al kinne.
Professor Andy van den Dobbelsteen