Ried fan Steat: ekstra ûndersyk nei dûbeld spoar by Hurdegaryp

Steatssekretaris Stientje van Veldhoven fan Ynfrastruktuer en Wettersteat moat yn fjouwer moanne ûndersyk dwaan nei de gefolgen fan de spoarferdûbeling tusken Grins en Ljouwert. In melkfeehâlder út Hurdegaryp hie in saak oanspand by de Ried fan Steat.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Feehâlder Wijmenga sit flakby it spoar en ferliest hast trije bunder oan grûn oan grienkompensaasje. De Ried fan Steat seit dat de steatssekretaris gjin rekken hâlden hat mei de negative gefolgen foar de feehâlder, en dat se dat no noch dwaan moat.
Neffens de feehâlder giet syn bedriuw oer de kop as er dy bunders kwyt rekket. Ynfrastruktuer en Wettersteat moat besjen oft der ek oare oplossingen binne dy't minder skealik binne foar Wijmenga.