Kollum: "Hynder"

20 feb 2019 - 08:49

"Ik kin der neat oan dwaan, mar we moatte it efkes oer de Ljouwerter Krante ha. Eartiids hiene se dêryn njonken ferslaggen en ynterviews ek noch swiere kommentaren. Evenhuis, Noordmans en Ten Cate skôgen de wrâld. Mar yn de oare stikken stie nea in miening fan de sjoernalist. Inkeld de sportferslachjouwer mocht skriuwe dat PSV better fuotballe as Hearrenfean. Mear net. Tsjintwurdich skriuwe sjoernalisten gewoan dat de sânwinning net trochgean moat. Kommentaar yn it ferhaal.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Je ha ek kollums. Dêryn kin súntsjes jittik miigd wurde. Ik mocht it sels ek in jier as acht dwaan yn de Ljouwerter. Hearlik. Je tinke sels dat it goed is, omdat je ommers alles better witte as wa dan ek. En soms is dat ek sa: Jantien har lânskipspine kaam yn it Wurdboek.

Nij yn de Ljouwerter Krante binne tsjintwurdich de analyzen. Hartstikke goed as tsjinwicht tsjin flechtige sosjale media. Alles op in rychje. Bygelyks oer de situaasje by It Hearrenfean of yn De Fryske Marren. Gjin mieningen, feiten.

Sneon wie der ek sa'n analyze, mar dat like mear op in fûnis yn de Frânske revolúsje. Deputearre Sietske Poepjes har holle lei op it hakblok. Ja, ik wit in hiel soad saken fan Poepjes wêryn't dat terjochte wêze soe. Nim allinnich mar it meidwaan oan Heel Holland Bakt. Mar de Ljouwerter wie fallen oer dat Sietske sein hie dat wannear't de provinsje earder yngrepen hie, it finansjeel debâkle fan de fonteinen net sa grut west hie.

Sjoch, yn maaie 2017 hat Sietske de fonteinen nei har talutsen omdat Kulturele Haadstêd fan alle finansjele saken in potsje makke hie. Der moast doe noch in miljoentsje foar de fonteinen komme. Sietske hat 230.000 euro ophelle. Dan is it dochs logysk dat je sizze wannear't je earder begûn wiene, it dan mear west hie? De Ljouwerter neamde dat in snear.

Je meie bêst sneare dat snearen ferkeard binne, mar dan moatte it wol snearen wêze. Hoe't je ek oer alles tinke, wannear't de provinsje en gemeente alles net út hannen fan Kulturele Haadstêd skuord hiene, wie alles nei de barbysjes gien. Sietske koe net oars.

Dat fonteinegedoch hie fansels noait wêze moatten. Ja, der binne in soad lju by lâns reizge fan it simmer en o wat sille we dûnsje om dy beferzen, izeren platen yn Dokkum. Oer in heal jier skat ik. Likegoed fine de measte minsken de fonteinen prutswurk oant 'net bysûnder'. Elkenien fynt it te djoer. It hie net hoegd. Wy binne net in folk foar sok útwrydsk gedoch.

Mar ta myn ferbjustering skreau de Ljouwerter tiisdei oer in hynder by de Ofslútdyk. Dat plan wie der al, mar wy tochten dat sjoen de fonteineskiednis dit wol ûnderyn in laad kaam wie. Nee, in nije stichting sloech swee. It hynder moat 28 meter heech wurde en as in soarte fan Frijheidsbyld by it sjauffeurskafee fan Surch stean. No komt der noait mear ien oer de Ofslútdyk, mar je kinne it fanút Noard-Hollân al sjen.

Dêr wennet Cees Roozemond en dy is foarsitter. Hy hat sein dat it hynder der altyd komt, al moat er it sels ek bouwe. No kin Cees it wurd sels wol goed, want hy hat himsels as stichtingsfoarsitter earst sels as foarsitter fan de ried fan kommissarissen en letter sels as direkteur fan SC Hearrenfean beneamd. Dy kin alles sels.

Ach, en dan moat der ek noch in miljoentsje by, dus sis mar 3,5 miljoen moatte se ha. Wêr't dat jild weikomme moat? Sponsorje fansels. Wannear't je as bedriuw oan de nije Ofslútdyk wurkje, moatte je as straf dat hynder sponsorje. En wy, hè. Der sil wol in tolhek op de Ofslútdyk komme wêr't wy ryksdaalderkes oan it hynder fuorje. Of je sjogge wol. Bouwe sa'n ding en dan is der gjin jild genôch. En dan stiet Cees op de stoepe fan it provinsjehûs.

Mar dêr is Sietske ek noch. Want de Ljouwerter kin mei harren antyferkiezingskampagne wol besykje har fuort te krijen, mar dat ha ik no rjochtbreide. En Sietske seit dan tsjin Cees: Wannear't der no ek noch wat wetter út dat hynder komt, dan betelje ik it wol. Want oars stiet der yn de Ljouwerter dat de provinsje ek wolris byspringe kinnen hie."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)