"Ferkearssituaasje by skoalle Skearnegoutum ûnfeilich"

20 feb 2019 - 06:00

Der moatte rap ekstra parkearplakken komme by de skoalle yn Skearnegoutum. Dat fynt Pleatslik Belang. Der binne no fierstente min plakken en dus sette âlden de auto's op de stoepe, op de dyk en sels by buertbewenners op it hiem. Dat jout in soad argewaasje. Pleatslik Belang Skearnegoutum is benaud dat it út de hân rinne kin.

"Der soene op syn minst tolve ekstra parkearplakken by komme moatte", seit Jan Luimstra fan Pleatslik Belang. "Mar eins wolle wy noch mear." Pleatslik Belang is yn petear mei de gemeente oer de útwreiding fan it tal plakken. Dat is lykwols djoer en dus stiet de gemeente net te springen by it idee, fertelt Luimstra.

As it oan Pleatslik Belang leit, soene de parkearplakken komme moatte op de stikken gers neist en tsjinoer de skoalle. In soad romte is der net, mar it soe achttjin parkearplakken opsmite. Dat is neffens Luimstra noch altyd net genôch, mar mear past gewoan net.

De auto delsette op de stoepe soe ferbean wurde moatte by skoalle. Dêrneist wol Pleatslik Belang mei de gemeente om tafel om de ferkearssituaasje yn de strjitten om de skoalle hinne te bepraten. It is dêr te drok, om't te folle auto's ien fan dy diken brûke om it doarp út te kommen.

(advertinsje)