Beursgebou hjit no 'University of Groningen Campus Fryslân'

Oan it markante beursgebou yn it sintrum fan Ljouwert is no ek te sjen wa't deryn komme sil. It gebou wurdt al sûnt in skoft ferboud. Tiisdei binne op de gevel de letters University of Groningen Campus Fryslân oanbrocht.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Oft it gebou yn syn nije funksje ek noch ien fan de bêst besochte gebouwen fan Ljouwert is, is noch mar de fraach. Yn it gebou siet earder de iepenbiere biblioteek. Dy is ferhuze nei de ferboude âlde finzenis de Blokhúspoarte en hjit no dbieb.
As alles neffens plan giet, is de Campus Fryslân yn it beursgebou yn de rin fan dit jier klear.