Rendert Algra: "Earste ljipaai wurdt freed om 10:15 oere lein, wa fynt it?"

Ljipaaien © Shutterstock.com
It bûn fan Fryske fûgelwachten ferwachtet dat it earste ljipaai dit jier yn febrewaris fûn wurde sil. En dat soe unyk wêze. Yn 1998 waard oant no ta it betiidste earste ljipaai fûn, op 2 maart. Neffens berekkeningen fan fûgelwachtersbûn BFVW wurdt it earste aai fan dit jier kommende freed al fûn. Wy prate mei foarsittter Rendert Algra fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten.
Hoe wis binne jo derfan?
"Behoarlik wis. Twa jier ferlyn hawwe wy in ûndersyk dwaan litten nei de ynfloed fan temperatuer op de ljippen en op de oerlibbingskâns fan de aaien en de piken. Dêr kaam út dat, oer de lêste hûndert jier sjoen, de ljip altyd syn aaien leit as der in bepaald getal berikt is kwa optelde temperatueren oer de perioade dêrfoar. Dan giet it oer de perioade 1 febrewaris oant de dei dat de gemiddelde temperatueroptelsom op 120 stiet. En dat is no freed it gefal."

Op 22 febrewaris, dat soe wol unyk wêze.
"Dat is wier. It earste ljipaai is binnen de marzje fan hûndert jier noch nea bûten de moanne maart fûn. It lêste wie 31 maart, ergens yn de jierren '60. En it betiidste wie op 2 maart, yn 1998. Mar dit jier sil it seker yn febrewaris wêze. As de statistiken klopje, dan sil it hiel ticht by kommende freed wêze."
Wurdt der no al aaisocht?
"Ik haw al mei ferskate aaisikers praat en dy leauwe der noch net yn. Dy binne net oertsjûge. Mar de statistiken lige net en wy hawwe it in pear kear neirekkene. Ik haw fan 'e middei sels ek noch oan it rekkenjen west. En dan gean ik derfan út dat de earste ljip kommende freed om sawat kertier oer tsienen moarns it earste aai leit. En dan is it de fraach: wa fynt it en wannear wurdt it fûn?"
Dan past it ek noch moai yn jo termyn as foarsitter, want begjin maart hâlde jo op.
"Hartstikkene moai. Ik bin de iennige foarsitter dy't yn twa perioades en yn seis jier tiid aansen sân kear by it earste ljipaai wêze mocht. Fierders doch ik net folle. De kommissaris fan de Kening nimt it earste ljipaai altyd symboalysk yn ûntfangst."
As it aai freed fûn wurdt, is it dan in útsjitter dat it sa betiid fûn wurdt of is it struktureel alle jierren earder?
"Oer de lêste hûndert jier is sawat fjirtjin dagen opskood. Gemiddeld komt it hieltyd yn de earste helte fan maart te lizzen. Mar no acht dagen earder as de foarige kear is wol in útsjitter. Febrewaris duorret noch in wike. Sels al soe it freed net fûn wurde, mar sneon, snein of begjin oare wike, dan noch is it unyk foarfal dat it yn febrewaris is. Dat wie earder as ferwachte. Dat it in kear komme soe, wie statistysk wol dúdlik. Mar dat it no al yn 2019 oan de oarder is, is wol in ferrassing."
Rendert Algra © Omrop Fryslân
Rendert Algra (BFVW) oer hoe't it dit jier komt mei it earste ljipaai