Gjin Sineeske dûns yn Boalsert

It Ynternasjonaal Folkloristysk Dûnsfestival fan Boalsert moat it dizze wike dwaan sûnder de ferneamde Jinghong-dûnsgroep út it Sineeske Yunnan. It slagge de Sineeske topgroep net om op 'e tiid in fisum foar Nederlân te krijen. Neffens foarsitter Flapper fan it Dûnsfestival is it wol faker in probleem om groepen fan bûten de Europeeske Uny nei Fryslân te heljen.
It festival hat no noch fiif bûtenlânske groepen út Andorra, Portgual, Slowakije, Tsjetsjenië en fan it eilân Niue yn de Stille Oseaan. Ek de Boalserter Skotsploech docht mei.
De bûtenlânske dûnsers útfanhúzje by gasthúshâldings yn Boalsert en omjouwing en op fjildbêden yn de gymnastykseal fan in skoalle. De dûnsers binne de kommende dagen noch te bewûnderjen op It Hearrenfean, yn Hylpen en ek op de Heamieldagen yn Boalsert.