Wurkgroep Blije biedt beswieren oan tsjin gaswinning, mar Wiebes hat it te drok

19 feb 2019 - 20:32

Leden fan de Wurkgroep Blije hawwe tiisdei yn Den Haag harren beswier tsjin de foarnommen gaswinning by it doarp oanbean. Der binne plannen om dêr noch tritich jier lang gas te winnen, mar de Blijsters wolle dat net. Se kamen dêrom mei alternativen nei Den Haag.

Foto: Sake van der Veen

Harkje nei Sake van der Veen

Minister Wiebes hie oare drokte

De Blijers hawwe der mei-inoar in oerke sitten om it oer harren beswieren tsjin de gaswinning te hawwen, fertelt Sake van der Veen fan de wurkgroep.

"Se hawwe de tiid foar ús naam. Wy hawwe it der globaal oer hawwe kinnen en de wichtichste punten nei foaren bringe kinne. Se hawwe no de tiid om ús fragen te beantwurdzjen. Dit wie in goed begjin."

Minister Wiebes sels hawwe se net mei praat, sa't wol it doel wie. Dy wie drok mei oare dingen. Mar Van der Veen hat der wol betrouwen yn dat de minister by it antwurd op harren fragen wol fan him hearre litte sil.

Fyftich jier gaswinning

"Dat antwurd wurdt mûnling taljochte en wy wurde útnûge om dan nei Den Haag te kommen. Dan hawwe wy it der even oer. Ik hoopje dat er der dan wol by is."

De wurkgroep is tsjin de gaswinning by it doarp. Der wurdt no fyftich jier gas wûn by Blije. Dat is altyd yn goede harmony dien, mar wy libje no yn 2019 en it is ek ris in kear dien. It fjild is al aardich leech en se wolle aansen fracke om it lêste derút te heljen. By fracking is der 19% kâns op ierdskoddingen, fertelt Van der Veen. "Fierders is it Waadgebiet ek in beskerme gebiet."

Trefwurden: 
gaswinning Blije
(advertinsje)