Powerkolleezje Tresoar: Ufo's op De Gordyk

19 feb 2019 - 19:47

De stellen boeken út Frjentsjer, it Oera Linda-boek, Berltsum as de tolfde Fryske stêd en de mysterieuze motor fan Johannes Wardenier: allegearre histoaryske saken dy't in soad fragen oproppe. Alle moannen komt Bert Looper fan Tresoar del om in coldcase út de Fryske skiednis te behanneljen. Dizze kear ufo's op De Gordyk.

PETEAR FH Powerkolleezje Tresoar: UFO's de Gordyk

Omrop Fryslân hat alris earder omtinken jûn oan ufo's yn Fryslân, mei ûnder oare in dokumintêre oer fleanende objekten op De Gordyk, tritich jier neidat se sjoen binne.

Reaklif2

Yn de doktumintêre 'Ufo's yn Fryslân' fertelle trije minsken oer harren kontakten mei bûtenierdsk libben en de enerzjy dy't sy dêrfan krije.

Ufo's achterhûs en de siel fan Sirius

Hendrik Kok hat wol gauris kontakt mei bûtenierdsk libben. Der lânje by him yn it Fryske Aldeberkeap geregeld ufo's yn it lân achterhûs. Sonja Sterken en Hendrika Jongsma hawwe ek kontakt mei net-ierdske wêzens. Sonja is der koartlyn efterkaam dat har siel fan Sirius is. Hendrika hat geregeld oranje bollen oer de Tsjûkemar bewegen sjoen. Dat fertelt sy op de gearkomste fan Niburu, in organisaasje dy't publikaasjes útbringt oer bûtenierdsk libben.

(Advertinsje)
(Advertinsje)