"Utsykjen identiteit bemanning burgen fleantugen wurdt dreech"

It wurdt in meunsterput om út te finen wa't yn de tastellen sieten dy't boppe de Waadeilannen út it wetter helle binne. Dat tinkt Douwe Drijver fan SMAMF (Stichting Missing Airmen Memorial Foundation).
Offal Harns
By it bergjen fan de konteners dy't begjin jannewaris fan de MSC Zoe fallen binne, waarden ek wrakstikken fan twa fleantugen út de Twadde Wrâldoarloch fûn. It giet om ûnderdielen fan in P-38 Lightning en in Bristol Blenheim. Oan de hân fan de searjenûmers kin in soad útsocht wurde, mar de dossiers lizze goed opburgen yn it Britske oarlochsargyf.
Yn de Twadde Wrâldoarloch binne goed 55.000 bemanningsleden fan fleantugen om it libben kaam. Sa'n 25.000 wurde noch fermist. Boppe de Waadeilannen en de Noardsee binne in soad tastellen delsketten troch of de loftôfwar of Dútske tastellen.
© Wikimedia Commons
Douwe Drijver, stichting Missing Airmen Memorial Foundation
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.