Sander Arends nei twadde ronde ATP Marseille

19 feb 2019 - 17:19

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat de twadde ronde berikt by it ATP-toernoai fan Marseille. Tegearre mei Tristan-Samuel Weissborn út Eastenryk wie Arends yn Frankryk mei 6-1 en 7-5 te sterk foar Stefanos en Petros Tsitsipas, twa bruorren út Grikelân.

Foto: orange-pictures.nl

Stefanos Tsitsipas is foaral ferneamd út it inkelspul. De Gryk is de nûmer 12 fan de wrâldranglist, en stie yn jannewaris noch yn de heale finale fan it ferneamde Australian Open. Yn Marseille hie hy in wildcard krigen om tegearre mei syn jongere broer mei te dwaan oan it dûbeldspul.

Arends en Weissborn dúdlik better

Yn de earste set wie it ferskil grut. Arends en Weissborn wiene dúdlik better op inoar ynspile as de beide bruorren. It Nederlânsk-Eastenrykse duo krige mar leafst fiif breakpoints en benutten dêr trije fan. De Grykse tsjinstanners pakten yn de hiele set mar fjouwer punten op de opslach fan Arends en Weissborn.

De Griken koene yn de twadde set better bybliuwe. makken ek in break, mar de oerwinning fan Arends en Weissborn kaam gjin momint yn gefaar.

De tsjinstanners yn de kwartfinale binne noch net bekend. Dy komt út de wedstriid tusken de koppels Eysseric/Simon en Klaasen/Venus.

(Advertinsje)
(Advertinsje)