Wêrom moatte wy stimme foar de Wetterskipsferkiezingen?

19 feb 2019 - 16:46

In protte minsken stean der miskien net sa by stil, mar se binne al tige wichtich: de Wetterskipsferkiezingen. Op 20 maart gean minsken wer nei de stimbus om harren út te sprekken oer Wetterskip Fryslân. Dat de ferkiezingen wichtich binne, is wol bekend, mar wat it Wetterskip eins docht, is minder bekend. Polityk ferslachjouwer Andries Bakker fan Omrop Fryslân jout mear ynformaasje.

Andries Bakker oer Wetterskipsferkiezingen

Wat binne de Wetterskipsferkiezingen?

"Allerearst is it handich dat de ferkiezingen foar de Wetterskippen en Provinsjale Steaten op deselde dei binne. Dat soarget derfoar dat de opkomst wat heger útfalle kin as wannear't de ferkiezingen apart holden wurde soene."

"Wetterskip Fryslân giet fansels oer de diken yn Fryslân en it behearen fan it wetterpeil. We seagen ôfrûne simmer hoe wichtich oft de wetterskippen binne. It wetterpeil sakke troch de drûchte sa bot dat der skuorren yn diken kamen, it lân hiel drûch waard mei as gefolch dat it wetterskip in bereiningsferbod ynstelle moast."

"In protte boeren hawwe dêr lêst fan hân om't it gers en de gewaaksen folle minder opbrochten of ferlern gongen. It is lykwols oan Wetterskip Fryslân te tankjen dat de skea beheind bleaun is."

Wetterskip Fryslân bereint it eigen terrein ek net - Foto: Omrop Fryslân

Wat falt der te kiezen?

"Njoggen partijen dogge mei oan de ferkiezingen. De tradisjonele partijen CDA, PvdA, ChristenUnie en 50plus, mar ek WaterNatuurlijk en Lagere Lasten Burger. Dat binne partijen dy't echt allinnich mar oan de Wetterskipsferkiezingen meidogge, al is de politike komponint by WaterNatuurlijk dat dêr D66, GrienLinks en oare organisaasjes oan meiwurkje."

"Dizze partijen stride om sitten yn it algemien bestjoer. It algemien bestjoer kiest dêrnei wer in deistich bestjoer. Sy nimme beslissingen oer saken lykas ûnderhâld fan diken en it behear fan it wetterpeil. Sy soargje der ek foar dat by wetteroerskot gemalen lykas it Woudagemaal op 'e Lemmer oanset wurde om dat oerskot de Iselmar yn te pompen."

"Dat de politike partijen meidogge oan dizze ferkiezingen hat ek te krijen mei it feit dat de linen mei Provinsjale Steaten dan hiel koart binne en dat is handich, omdat al dy ferskillende partijen wer in bytsje oars nei de belangen sjogge. It CDA stiet bygelyks algemien bekend as in 'partij foar boeren'. Soe it CDA dus mei in protte sitten yn Provinsjale Steaten en yn Wetterskip Fryslân sitte, dan bestjut dat dus dat se goed opkomme sille foar de boeren."

Bannen mei Provinsjale Steaten net fuort te tinken.

Andries Bakker, polityk ferslachjouwer Omrop Fryslân

Wêrom is it wichtich om te stimmen?

"It is seker wichtich om te stimmen, want dan hawwe jo dochs ynfloed op de partijen dy't yn it bestjoer fan it wetterskip komme. Boeren sille dus foaral stimme op de partij dy't foar harren belangen opkomt. Foar natoerorganisaasjes is dat net oars."

"Fansels kinne jo de bannen mei Provinsjale Steaten net hielendal fuorttinke, want minsken stimme dochs faak op in partij dy't it tichtst by de eigen politike idealen stiet."

Kampanje wetterskipsferkiezingen set útein: "Der falt echt wol wat te kiezen"

(Advertinsje)
(Advertinsje)