Man ferwûnet kliïnt mei beheining en moat fan justysje behannele wurde

In 22-jierrige man út Easterwâlde moat fan justysje twongen behannele wurde. De man hat foarich jier yn in hûs foar minsken mei in beheining en gedrachsproblemen in oare kliïnt sûnder oanlieding swier ferwûne.
Justysje © Shutterstock.com
De fertochte hat ferskate steurnissen en wie op dat momint psygoatysk. Om foar te kommen dat de man sûnder behanneling wer op strjitte komt, moat de reklassearring ûndersykje oft de fertochte yn oanmerking komt foar in twongen tbs-behanneling.
As de rjochtbank hjir net yn meigiet, wol justysje dat de man in jier de sel yn giet.