It giet oan: bekende famylje Pos komt nei De Fryske Marren

19 feb 2019 - 16:16

De fan telefyzje bekende famylje Pos komt nei Fryslân. Se wiene te sjen by RTL-programma's Helemaal het Einde en Vamos met de familie Pos. Op 1 april sil de famylje har fêstigje yn de gemeente De Fryske Marren.

Stephan en Ilona Pos - Foto: Famylje Pos

Famylje Pos

Dit stie dizze wike op Instagram

"Wy ferpleatse! Nei grutte jierren yn Súd-Amearika komme wy nei dizze Nederlân werom nei Nederlân. Of Nederlân, nei Fryslân! Fan dêrút sille wy ús libben en bedriuw trochgean. Fan Brasylje, de Copa Cobana winskje wy jo in grutte (Valenstinian) dei. leafde, famylje Pos. p.s. Wy binne noch altyd it Frysk praktisearje."

De famylje wennet no noch yn Sily, dêr't se in wynympearium opboud ha. It sil foar de famylje, besteande út heit en mem Stephan en Ilona en harren bern Tygo en Bjorn, in grut ferskil wurde, it libben dêr en hjir yn Fryslân.

Wêrom Fryslân?

Ilona: "Ons bedrijf zit in Chili en we kunnen hier veel betekenen voor ons merk. We waren niet gebonden aan een vaste plaats en wilden het buitenleven graag vasthouden. Dat kan hier. Het Dolce Vita-gevoel in Fryslân."

Kinne jim al sizze wêr't it hûs stiet?

"In de gemeente De Fryske Marren. Het dorp zeggen we nog niet, want je hebt ook nog een huidige bewoner. We komen lekker rustig in Fryslân wonen, zonder gekke dingen."

Jim wolle de taal ek ûnder de knibbel krije?

"Zeker, Bjorn en Tygo willen dat ook graag en hebben er zin in. Die willen we ook onderdompelen in Fryslân en de taal. Dat hoort toch ook zo? Zodra we terug zijn in Nederland, gaan we ermee aan de slag. Onze jongens zeggen nu steeds 'it giet oan', maar verder komen ze nog niet. Ze waren voornamelijk bezorgd dat het altijd zou vriezen in Fryslân, haha."

Sille jim de sinne net misse? It kin hjir ek kâld wêze.

"Het klimaat is natuurlijk perfect, maar in Fryslân gaan we ook genieten. We zitten nu in Brazilië aan de de Copacabana. Maar we zijn ook wel vaker bij beachclub Lemmer geweest. Als je het snel zegt, klinkt dat bijna hetzelfde."

(Advertinsje)
(Advertinsje)