Stekken yn Sweagermieden om rôfbisten tsjin te hâlden

19 feb 2019 - 15:49

Steatsboskbehear is begûn mei it pleatsen fan stroomstekken yn natuergebiet Sweagermieden. Dy moatte der op twa lokaasjes foar soargjen dat rôfbisten net goed yn it gebiet komme kinne, om sa de briedende greidefûgels te beskermjen.

Foto: Steatsboskbehear

Neffens Steatsboskbehear hawwe de stekken de ôfrûne jierren benammen goede tsjinsten bewiisd wat it tsjinhâlden fan foksen oanbelanget. It pleatsen is lykwols noch in hiele put. De ôffredingen komme yn in gebiet fan goed achttjin bunder en se moatte der stean as it broedseizoen begjint.

Foar de greidefûgels

De stekken wurde pleatst yn gebieten dêr't in soad greidefûgels briede en dy't geskikt binne om pykjes opgroeie te litten. Njonken it ferheegjen fan it wetterpeil en rôfbistbehear nimt Steatsboskbehear dizze maatregel om de greidefûgels te helpen.

(advertinsje)
(advertinsje)