De stroom ôffal fan MSC Zoe begjint op gong te kommen - BDS kriget it drok

19 feb 2019 - 15:34

De stroom ôffal fan de konteners fan de MSC Zoe komt op gong. Bergingsbedriuw BDS kriget hieltyd mear spul binnen dat se sortearje en ferwurkje.

Offal Harns

Fan autobannen, kofjebekers, boartersguodgewearkes oant ûnderdielen fan gersmeaners, alles wurdt yn grutte bakken oan wâl brocht. André Borsch en syn meiwurkers sortearje de saken en soargje foar de ferwurking fan it guod. De earste wiken barde der noch net safolle en krige er net folle spul binnen.

Dat begjint no better te rinnen. It waar is rêstiger en de bergers gean fan fak nei fak. Yn it iene fak leit mear as it oare. Der wurdt no burgen yn fakken dêr't mear konteners of resten dêrfan lizze. Tiisdeitejûn komt wer in lading oan.

Twadde Wrâldoarloch

Bysûndere byfangst binne ûnderdielen fan twa fleantugen út de Twadde Wrâldoarloch. Yn de Noardsee lizze noch in soad wrakken. De restanten fan de opfiske wrakken binne moandei fuortendaliks troch definsje by BDS weihelle en nei Woensdrecht brocht.

Foto: André Borsch

Rederij Doeksen set de grutte frachtkatamaran Noord-Nederland yn om konteners fan Skylge nei de fêste wâl te bringen.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

Trefwurden: 
BDS kontennerramp
(Advertinsje)
(Advertinsje)