Plakferfangend offisier fan justysje krijt wurkstraf foar feroarsaakjen ûngelok
In plakferfangend offisier fan justysje fan de noardlike rjochtbank hat in wurkstraf krigen foar it feroarsaakjen fan in ûngelok.
De 43-jierrige man ried twa jier lyn yn syn wenplak Zwolle in fytsster oan. De frou rekke dêrby sa swier ferwûne dat se de rest fan har libben op krukken rinne moat. De saak waard behannele troch de rjochtbank yn Amsterdam.
In heal jier net ride
Dy naam it de man kwea ôf dat hy syn autoruten net genôch skjinmakke hie foar't hy op paad gien wie. Dêrtroch seach hy de fytsende frou oer de holle. Njonken in taakstraf fan 120 oeren, wêrfan de helte ûnder betingst, mei de man ek in heal jier net autoride.