Premjêre dokumintêre 'Freerk Kamma, de Fryske Papoea' yn Wierum

19 feb 2019 - 14:56

Fan fiskerssoan nei sindeling en ferneamd antropolooch. Wierumer Freerk Christiaan Kamma wist dat er mear woe en koe as it lytse doarp him biede koe. Dêrom set er op 14 oktober 1931 foar de earste kear ôf nei Nij-Guineä.

Trailer Fryske Papua

Dokumintêremakker Annet Huisman fan Omrop Fryslân dûkt yn it libben fan de sindeling mei de sintrale fraach: wêrom hat dizze man tritich jier fan syn libben jûn oan de Papoea-mienskip? It antwurd op dy fraach is op tongersdei 21 febrewaris om 20.00 te sjen op de premjêre yn de Mariatsjerke fan Wierum.

"Foar in filmer is dit in lestich ûnderwerp", fertelt Huisman. "Freerk Kamma is yn 1987 stoarn, dus wy kinne him neat mear freegje." Dêrom hat se syn bern Corrie en Harry Kamma frege om mei te wurkjen. "Sy litte in hiel persoanlik en emosjoneel ljocht skine op de motivaasje fan harren heit en mem en ek de offers dy't dy brochten om harren hiele libben yn it teken te stellen fan de sinding op Nij-Guineä."

Foto: Omrop Fryslân

Papoea's komme ek oan it wurd yn de dokumintêre. Huisman: "Christina Wambrauw, dochter fan Papoea-âlden, groeide op in Steggerda. Krekt lykas Kamma fielt se har likegoed Frysk as Nederlânsk en Papoea. Har mem Nelly gie nei de sindingsskoalle. Dêr moete se Freerk Kamma."

Beide froulju groeiden op mei it kristlik leauwen en hawwe in grutte wurdearring foar Kamma. "Yn de film sjogge se werom op de sinding. Mar ik stel harren ek de fraach: hat de sinding harren ek wat ûntnaam?"

FryslânDOK

Op tongersdei 21 febrewaris om 20.00 is de premjêre fan de dokumintêre yn de Mariatsjerke fan Wierum. Op woansdei 20 febrewaris sjocht it telefyzjeprogramma foarút op de film mei Bernard Keizer, skriuwer fan it boek oer Kamma. De FryslânDOK is op 24 febrewaris te sjen op Omrop Fryslân. NPO stjoert op 23 en 24 febrewaris de dokumintêre út.

(Advertinsje)
(Advertinsje)