Soad animo foar ûnderwiiskoar

29 jun 2012 - 09:36

It nije koar Wy sjonge! fan ûnderwizers moat der foar soargje dat der wer mear en better songen wurdt op de basisskoalle. It Frysk ûnderwiiskoar kaam tongersdei foar it earst byinoar op de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert om te oefenjen. Doel is om de leararen entûsjast te krijen foar muzykûnderwiis. Dêr is de lêste jierren hieltiid minder romte foar.

It taal- en rekkenûnderwiis nimt in grut part fan de leswike yn beslach. Ek binne de leararen skruten om foar de klasse te sjongen, sa tinke de inisjatyfnimmers fan it koar Wy sjonge!

(Advertinsje)
(Advertinsje)