Sweedske man stalkt sjongeres Hiske Oosterwijk en moat de sel yn

19 feb 2019 - 14:41

Sjongeres Hiske Oosterwijk út Mantgum is jierrenlang hinderlik lestichfallen troch in Sweedske man. Dat die tiisdei bliken foar de rjochtbank yn Assen. Der is 15 moanne finzenisstraf tsjin him easke.

Foto: Hiske Oosterwijk

De 24-jierrige Sweed stjoerde har mailtsjes, belle har en gie by har âlden del. Oosterwijk koe de man sûnt 2014 en se hienen earst gewoan kontakt. "We hadden intieme momenten waarop we echt liefde voor elkaar voelden", sei de fertochte tiisdei yn de rjochtbank.

Doe't se dêr in ûngemaklik gefoel by krige, besocht Oosterwijk mei it kontakt op te hâlden. "De machteloosheid die je voelt, is het ergste", sei Oosterwijk. "Hij heeft de dingen totaal anders beleefd. Ik kan me er niks bij voorstellen dat hij dacht dat we vrienden waren."

Doe't er trochgie mei har lestich te fallen, is se ferskate kearen nei de plysje stapt om fan de man ôf te kommen. Ferline jier augustus is er oppakt yn in kafee yn Grins. De sjongeres wie dêr ek en de man woe mei har prate en pakte har hurd beet.

Kontaktferbod

De man is fermindere tarrekenber en hy wegeret behanneling. Njonken in finzenisstraf is der ek in kontaktferbod easke foar fiif jier foar de sjongeres en har âlden en mei de man net mear nei konserten ta en net mear yn Grins en Mantgum komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)