FNP: doarpen en wiken moatte mear profitearje fan Wynpark Fryslân

Doarpen en wiken moatte mear profitearje kinne fan Wynpark Fryslân. Dat fynt de steatefraksje fan de FNP. Oant no ta is dat net regele.
© Omrop Fryslân
De FNP sil nije wike mei in foarstel yn de Steaten komme om dat te feroarjen. Op dit stuit mei kinne allinnich partikulieren mei bygelyks obligaasjes partisipearje yn it wynpark yn de Iselmar. Neffens de partij moat dat ek mooglik wurde foar wiken en doarpen.
Op dit stuit is 10 miljoen euro it maksimum foar de totale partisipaasje. Ek dat moat heger wurde, fynt de FNP. Der binne 500 doarpen en wiken yn Fryslân dy't potinsjeel meidwaan kinne yn it projekt. Dan soe de 10 miljoen samar berikt wêze.