Ferdigener Kum nei Hearrenfean

29 jun 2012 - 09:31

Christian Kum spilet de kommende twa seizoenen foar SC Hearrenfean. De 26-jierrige ferdigener kaam de lêste sân seizoenen út foar ADO Den Haag. Dêr rûn syn kontrakt dizze simmer ôf. Kum, dy't yn Dútslân berne waard, komt út de oplieding fan Feijenoord.

Under Foppe de Haan helle Kum yn 2008 de seleksje foar de Olympyske Spelen. Mar hy spile nea foar in nasjonale seleksje. Nei de Finske linksback Jukka Raitala is Kum de twadde ferdigener dy't Hearrenfean foar takom seizoen fêstlein hat.

(advertinsje)