Definsje docht ûndersyk nei skuorren yn gebou Harns nei oefening loftmacht

19 feb 2019 - 13:52

It appartemintekompleks Alde Weeshûs yn Harns hat skea oprûn by de oefening fan Definsje op Flylân fan ferline wike. De loftmacht oefene dêr doe mei it ôfsmiten fan bommen. Om't de wyn draaide, wie it lûd ek yn Fryslân goed te hearren en wiene de skokgolven te fielen.

Yn it âlde weeshûs sitte sûnt 2009 alve apparteminten. Dêr wie tiisdei en woansdei sprake fan bevingen. "Het leek wel alsof er aardbevingen waren. Toen dachten wij dat het kwam door straaljagers die door de geluidsbarrière gingen", seit bewenner Pieter Elbers.

Der is ûndersyk dien en der binne skuorren konstatearre by twa apparteminten. Definsje is dêrfan op 'e hichte steld. "Er is dinsdagochtend iemand van Defensie langs geweest, compleet in uniform, en die heeft gezegd wat de oorzaak was. Naar zijn mening is er sprake van een bijzondere klimatologische omstandigheid. Hij noemde inversie van luchtlagen als oorzaak van de trillingen langs de kust."

"Volgens hem was er sprake van extra bewegingen, waardoor er scheurtjes zijn ontstaan." De skea sil besjoen wurde troch minsken dy't der ferstân fan hawwe. Sy sille in rapport opstelle en miskien saakkundigen stjoere dy't nochris nei de skea sjen sille. Oan de ein fan de wike sil de útslach bekend wêze.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Bewenner Pieter Elbers oer de skuorren yn syn hûs

(advertinsje)
(advertinsje)