Bestjoerskundige oer FNP yn De Fryske Marren: "Het gaat om beeldvorming"

19 feb 2019 - 13:27

De wethâlders fan de FNP yn de gemeente De Fryske Marren bliuwe yn elts gefal oant de ekstra riedsgearkomste fan woansdeitejûn sitten. Dat hat de fraksje fan de FNP frege oan de beide wethâlders Durk Stoker en Durk Durksz.

It sanwinningseilan sa as it der neffens Royal Smals utsjen giet - Foto: Byld: promofilm Royal Smals

Rieks Osinga yn petear mei Simone Scheffer

Koälysjepartners CDA en VVD kundigen earder al oan woansdei mei in moasje fan wantrouwen te kommen, as de wethâlders dan noch sitte. CDA en VVD oan de iene kant en de FNP oan de oare kant sitte dus op ramkoers tsjinoer elkoar. Reden is de 'ommeswaai' fan de FNP yn it dossier oer de sânwinning yn de Iselmar.

Op it lêste momint stimde de FNP ferline wike tsjin dy sânwinning, wat ta in fertrouwensbreuk mei it CDA en VVD late. De saak wurdt no dus fierder op skerp setten. Wy ha bestjoerskundige Rieks Osinga fan de Thorbecke Academie wat fragen steld.

Hoe bysûnder is de ûntstiene sitewaasje no?

"Een coalitiecrisis is niet heel bijzonder, maar dat er een patstelling dreigt van wie trekt als eerste de wethouders in, dat gebeurt niet zo heel erg vaak. Bij een normale crisis is er heibel in de tent en zeg je: in deze samenstelling gaan we niet verder. Of de FNP de wethouders nou laat zitten of niet; het college klapt. Als ze zich niet terugtrekken, zal de raad een motie van wantrouwen moeten indienen."

Fernuveret it jo dat de FNP-fraksje harren wethâlders freget sitten te bliuwen?

"Ik denk dat er vooral over is nagedacht hoe ze het in de beeldvorming gaan doen. 'Wie breekt, betaalt', zeggen ze in de politiek. Ze willen het er, denk ik, op aan laten komen dat ze in principe door willen. Ze willen dat laten zien door de wethouders te laten zitten, dat ze door willen."

CDA en VVD tsjinje in moasje fan wantrouwen yn tsjin de FNP-wethâlders omdat harren partij it fertrouwen ferlern hat. De kâns is dat dy it net hellet. Wat dan?

"Uiteindelijk is er dan sprake van een breuk in de coalitie en zullen CDA en VVD de coalitie laten vallen. Een andere insteek, maar met dezelfde uitkomst."

En as de FNP-wethâlders sizze dat se har ôfskiede fan de FNP?

"Dat kan sinds 2002, het is mogelijk om wethouders van buiten aan te stellen, die bijvoorbeeld partijloos zijn. Technisch gezien kan dat, maar met het vertrek van de FNP uit de coalitie, zal er een brede nieuwe coalitie komen, verwacht ik. In de praktijk is het niet realistisch."

Wat foar koälysje kin it wurde?

"Een aantal fracties had al aangegeven het jammer te vinden buiten de coalitie te zijn gevallen. Ik denk dat de VVD en het CDA wel de keuze hebben, dat weten ze natuurlijk ook. Ik denk dat ze kunnen kiezen uit D66, PvdA en GroenLinks."

Is it al besletten yn de saneamde 'achterkamertjes'?

"Je weet wel een beetje waar de verschillen en overeenkomsten zijn. Ik denk dat er wel een kopje koffie is gedronken, dat lijkt me ook zeer verstandig, want je wilt na een coalitiebreuk je gemeente snel weer kunnen sturen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)