PvdA wol monumintedei stypje

29 jun 2012 - 09:02
Foto: Omrop Fryslân

De PvdA yn de ried fan Ljouwert wol witte wêrom't de gemeente gjin jild jaan wol oan de organisaasje fan de Iepen Monumintedei. Dy organisaasje hie om in bydrage fan 1500 euro frege, mar de gemeente woe dy net jaan. Dêrtroch is it noch mar de fraach oft der dit jier in Iepen Monumintedei is yn Ljouwert.

Neffens de PvdA is Ljouwert ien fan de wichtichste monumintestêden fan Nederlân en is 1500 euro in beskieden bedrach. De partij wol witte of boargemaster en wethâlders noch mooglikheden sjogge om dochs subsydzje te jaan oan de organisaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)