Boufakker rekket swierferwûne troch fal fan sporthal yn Ljouwert
In boufakker is tiisdeitemoarn by wurksumheden slim ferwûne rekke. Hy foel fan in sporthal yn oanbou oan de Middelzeelaan yn Ljouwert.
De helptsjinsten rieden manmachtich út. Under oare in traumahelikopter waard oproppen. Dy waard letter lykwols annulearre.
It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. Hoe't it ûngelok barre koe en hoe't it mei it slachtoffer giet, is net bekend.