Sis Tsiis wol it Frysk better op 'e kaart sette yn it ûnderwiis

19 feb 2019 - 11:08

Boargeraksjegroep Sis Tsiis (BAST) fynt dat it Frysk in wichtige rol spylje moat by de kommende steateferkiezingen. De folksfertsjinwurdigers moatte har mear bewust wurde fan it belang fan de Fryske taal. Neffens BAST krijt it Frysk yn it ûnderwiis yn Fryslân net genôch oandacht. Dêrom hâldt de aksjegroep op sneon 9 maart in grutte demonstraasje yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân

De tocht wurdt breder opset as dy fan desimber 2016, doe't trijehûndert Friezen op keapjûn mei fakkels demonstrearren mei as motto 'Frysk is in bernerjocht'. BAST hopet no op in noch grutter tal dielnimmers. Se marsjearje troch it sintrum fan Ljouwert en begjinne om 15.00 oere op it Saailân. Neist de jonge aksjefierders en skriuwer Geart Tigchelaar sille steateleden as Sijbe Knol (FNP), Rendert Algra (CDA) en Douwe Hoogland (PvdA) it wurd fiere.

Frysk yn it ûnderwiis

Ferantwurdlik deputearre Sietske Poepjes jout ek har meiwurking. It is noch altyd dreech is om tastimming fan it Haachsk regear te krijen foar optimaal Frysk ûnderwiis op 'e skoallen.

Dêrnjonken wurde noch te faak en te folle ûntheffingen ferliend. It stribjen is om dat oant 2030 ôf te bouwen, mar dat giet neffens BAST fiersten te stadich; boppedat is der gjin garânsje fan in effektive kontrôle troch de ynspeksje.

Kulturele autonomy

Dêrom moatte de Fryske politisy har mear as foarhinne oppenearje yn de rjochting fan De Haach en oanstean op lykberjochtiging sûnder betingsten. Eindoel moat wêze kulturele autonomy: eigen sizzenskip oer it ûnderwiis yn Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)