Kollum: "De titen út de blûze"

"Jierren lyn ha ik ris in kollum op útnûging fan de FNP skreaun. Foar en oer de partij. Dy kollum hjitte: De parabel fan it moaiste famke fan de klasse. It gie deroer dat ik fan myn alderearste politike bewustwêzen ôf opflamme nei it moaiste famke fan de klasse: de FNP. Hoe fereale at ik wie op har eigensinnigens en gleon ynderlik fjoer. En hoe't dat gefoel stadichoan ferdwûn.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De toan fan Willem Schoorstra
Omdat dat ynderlik fjoer, oanjage troch it brânje fan it idealisme, linkendewei dôve oant der oars neat bleau as in sêft gluorjen dêr't ik my net mear oan waarmje koe. Hoop makke by it moaiste famke fan de klasse plak foar berêsting, hertstocht foar lykmjittigens, ferbyldingskrêft foar pragmatisme. Ik skreau dat ik ôfknapte op it moaiste famke fan de klasse.
Yn de rin fan 'e tiid ferdwûnen de skerpe rântsjes fan de partij ûnder ynfloed fan in nije saaklikheid. De frisse, jonge faam waard in âld wiif dat har konformearre oan in besteande politike moraal. Myn faam waard nuet, behâldend en reaksjonêr, gie mei yn in ordinêr machtstinken. Ik skreau dat ik it begriep, mar dat ik der gjin frede mei hie.
It sil jim ûndertusken net ûntgien wêze dat it kolleezje fan De Fryske Marren klapt is. De oanlieding dêrta wie it winnen fan sân út de Iselmar. By it foarmjen fan it kolleezje fan VVD, CDA en FNP wie ôfpraat dat de oerienkomst tusken Gaasterlân-Sleat en sânwinner Royal Smals út 2011 hanthavene wurde soe. Lykwols is der sûnt 2011 folle mear dúdlik wurden oer de gefolgen fan sânwinning.
Foar de gemeente Lemsterlân wie it trouwens foar 2011 al dúdlik. Dy wist dat de wetterkwaliteit minder waard, en stadichoan in soerstofleaze laach fan deade planten en fisken ta gefolch hie. Lemsterlân hie sânwinner Royal Smals dus ôfwiisd, mar Gaasterlân-Sleat wie wol omlizzen gien foar it jild dêr't Royal Smals mei wappere.
Hawar, de weryndieling kaam en De Fryske Marren wie in feit. De ôfspraak mei Royal Smals gie mei it kolleezje yn en waard presintearre as in fêststeand gegeven. Ien dêr't De Fryske Marren net ôf koe om't de minister oars yngripe soe. It sânwinnen soe nammentlik in saak fan 'nasjonaal belang' wêze. Mar dat wie net sa. De sânwinning koe minister Cora van Nieuwenhuizen oan har derriêre oksidearje. Der wie hielendal gjin tekoart oan sân.
Sterker: 15% fan dat spul waard nei België eksportearre (it liket fergemy wol gas). Mei de tanommen kennis oer de gefolgen foar it miljeu, en de grutte wjerstân ûnder de befolking, seach de FNP yn de spegel. En konkludearre dat in gemeente har ynwenners fertsjinwurdiget. Dat as je pretindearje ynspraak serieus te nimmen, je dat ek dwaan moatte. De FNP stimde dus tsjin de sânwinning, yn it folle besef fan de politike gefolgen.
Dêr ha je ballen foar nedich. Of, om yn de analogy fan it moaiste famke te bliuwen: dêrta smyt je de titen út de blûze. De opportunisten fan VVD en CDA gûlden dat it sawat die. Dy seagen jild oan de hoarizon ferdwinen, in hoarizon dy't tanksij de FNP skjin bliuwt. De hoarizon yn in natuer dy't net fan sânwinning te lijen ha sil. De FNP konformearre har net oan in politike moraal dy't mar al te faak ferdjerlik is.
Ynienen seach ik it moaiste famke fan de klasse yn dy âldere frou. In autonoom, eigensinnich, dwers en kreas famke. It kribele my sa't it earder ek kribele. It is maitiid."