Wurkgroep Blije wol mei minister Wiebes yn petear oer gasboarrings

19 feb 2019 - 08:29

De gaskraan yn Grinslân giet ticht, mar ferskate lytse gasfjilden yn Nederlân sille noch desennialang eksploitearre wurde. Lykas by Blije, dêr't plannen binne om noch tritich jier troch te gean mei de gaswinning. Wurkgroep Blije is it dêr net mei iens. Leden fan dy wurkgroep binne op it stuit mei alternative plannen ûnderweis nei minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken en Klimaat yn Den Haag.

Foto: Omrop Fryslan, Timo Jepkema

"It punt is dat der al 50 jier gas wûn wurdt yn Blije. Dat barde op de tradisjonele wize. No wolle se noch 30 jier fracke en putten derby pleatse. Wy fine dat it wol genôch west hat", seit Sake van der Veen fan Wurkgroep Blije.

Fracking is in boartechnyk foar it winnen fan fossile grûnstoffen lykas ierdgas en ierdoalje út stienlagen. Troch it ûnder hege druk ynspuitsjen fan floeistoffen kin gas of oalje út de grûn weihelle wurde. "Dat is best wol in heftich proses en it kin ierdbevings feroarsaakje."

Sake van der Veen fan Wurkgroep Blije

"Minister Wiebes moat wol nei ús harkje, want wy tsjinje in sjenswize yn. Hy moat ek antwurdzje op de fragen dy't wy hawwe. Ik ha him al praten by it debat oer mynbou. Doe sei er tsjin my dat ik dy sjenswize yntsjinje moast en dat er dernei sjen soe."

It kin noch wol efkes duorje foardat der antwurd komt. It ministearje hat tsien moanne de tiid om in reaksje te jaan.

(advertinsje)